Nije edysje berneboekedei fynt yn 2022 plak.
Allinne foar dielnimmende skoallen is der in kofferfeestje.

Ynfo wedstryd

De koffer fol ferhalen
Berneboekedei hat foar in selekte groep skoallen in koffer fol ferhalen gearstalt: 
- in koffer fol boeken en ferhalen en gedichten
- Nederlânsk en Frysk, 
- foar de learlingen fan de ûnderbou en midden-/boppebou. 

De boeken en foarlêsferhalen wurde eigendom fan de skoalle.

De koffer fol werom
Wat freegje wy fan de bern en ûnderwizers fan ien of meardere groepen: 
- Foar 15 oktober moat de skildersdoeken werom yn de koffer. Der meie fansels ek mear ‘doeken’ 
 meijûn wurde. Dy wurde wol ophongen mar telle net mei foar de sjuery.
- It publyk kin yn de hjerstfakânsje in stim útbringe op it moaiste doek. Max 50 de skoalle.
- De faksjuery beoardielt de doeken ek op kreativiteit en ynhâld fan de bydragen.
- De koffer sûnder boeken moatte werom nei KinderboekendagBerneboekedei.
  Meitsje hjir in ôfspraak oer fia kinderboekendag@gmail.com

Wedstriid Wurde watsto wolst’
De ferwurkingen binne de ynstjoeringen foar de wedstriid ‘Watsto wurde wolst’ fan Berneboekedei Terherne, se binne.
Yn de hjerstfakânsje yn it boatestasjon fan de Kameleon yn Terherne te besjen 
 (en kinst ek dyn stim útbringe)
- te bewûnderjen troch bern, âlders, en foar elkenien dy’t nocht hat oan berneboeken.
- De priiswinners wurde fia in floch ús site www.kinderboekendag.nl en op facebook bekend makke.
 Jim kinne Kinderboekendagterherne folgje op Facebook.
- Binne jim winners? Der is in spesjale foarstelling beskikberfoar de winnende  skoalle/groep. Ien 
 foar de ûnderbou / middenbou en ien foar de middenbou / boppebou.

Wat is Berneboekedei?
Berneboekedei yn Terherne en stiet yn it teken fan it tema wurde watsto wolst/beroppen en berneboeken/taal. Spitigernôch kin troch de pandemy de superleuke middei mei in protte foarstellingen, aktiviteiten en wurkwinkels net trochgean. Dêrom krije jim fan ús in ekstra goedfolle koffer mei in protte lêswille. Alles fergees! We hoopje jim takom jier wer te moetsjen yn Terherne op in Berneboekedei!  Mear ynformaasje op www.berneboekedei.frl