Nije edysje berneboekedei fynt yn 2022 plak.
Allinne foar dielnimmende skoallen is der in kofferfeestje.
En doe?
Berneboekedei Terherne
Snein 11 Oktober 2020

Ynfo Wedstriid

Wy hawwe troch de ûnwissens fan de ûntwikkelingen fan de pandemy besletten dat wy dit jier gjin nije edysje fan it evenemint Berneboekedei yn Terherne organisearje kinne. Dat fine wy fansels hiel spitich.

Mar.............. dielnimmende skoallen sille wy trakteare op in ekstra folle koffer fol boeken, ferhalen, ferskes en gedichten yn it Nederlânsk en it Frysk. Mei de koffer krije se fan ús ek in skilderdoek mei in opdracht.

De skilderdoeken hingje yn de hjerstfakânsje yn it boatestationfan Terherne.
En elkenien mei stimme! Wat fynsto de moaiste? Bring dyn stim út!

Dielnimmende skoallen kinne in fet coole priis winne: sy krije in life foarstelling yn ’e klasse!
Rekkenje mar dat dêr in feestje boud wurde sil! Feest yn ‘e keet!

Wolsto takom jier ek meidwaan mei jim skoalle/groep? Freegje juf of master en jou jim no al fêst op foar 2022 fia kinderboekendag@gmail.com