Freonskip "kom derby"
Berneboekedei Terherne
Snein 14 Oktober 2018

Lekker lêze en oan'e slach!

Jou dyn skoalle op!

Lekker lêze  en oan ’e slach!
Docht jim basisskoalle ek mei? Berneboekedei Terherne hat in nije opset krigen. Mei in nije wedstriid foar groepen en yndividuën. De winnende skoalle kriget in wurkwinkel fan in VIP-berneboekeskriuwer yn de klasse kado mar der binne ek prachtige boekepakketten as priis.
De winner wurdt bekend makke op de Berneboekedei  Terherne. Elkenien is dêr tige wolkom!
Set de datum fêst yn de aginda: 14 oktober 2018 fan 13-17.00 oere. Wêr? Yn Terherne fansels!
!!! Meld jim oan fia kinderboekendag@gmail.com
.

Kyk-doaze

Berneboekedei slút oan by it lanlike tema fan de berneboekewike: Freonskip, kom derby.
Ien fan de boeken dy’t yn de klasse mei dit tema lêzen wurde, kin ferwurke wurde yn in Kykdoaze.
Lytse of in grutte doazen, in filmke, in knutsel, in (ynsprutsen) ferhaal alles mei!

Formaat: elk formaat is goed fan lúsferdoaze oant bananedoaze en alles dertusken yn.
Wat moat der yn: in ferwurking fan in Nederlânsk of Frysk berneboek mei it tema freonskip.

Tal doazen: Elke groep mei safolle doazen ynleverje as er wol. De doaze mei ek yndividueel makke wurde,
mar wurdt altyd ynlevere ûnder de namme fan de skoalle en de eigen groep.
In YouTube-filmke kin ek de ynhâld fan de Kykdoaze wêze. Set jim filmke op YouTube en diel mei ús de QR-koade yn ‘e mail nei dit filmke (
codegenerator) en befêstich dizze QR-koade foar jim Kykdoaze sadat elkenien jim filmke sjen kin.


Ynleverje: Kinst de doaze fan freed 5 oan te mei woansdei 10 oktober ynleverje by de biblioteken fan Mar en Fean: Boalsert, Makkum, Koudum,  Snits,  Wommels,  Warkum, Balk, Lemmer, De Jouwer, Akkrum, It Fean, Jobbegea


Wat, Wannear, Wêr is de Berneboekedei?
14 oktober is in famyljedei yn it teken fan berneboeken en taal, Nederlânsk én Frysk! 
Der binne dûns-, strjitte- en teateracts, der binne skriuwers, muzyk- en sjongacts, der binne ferwûnderje-dy- en bysûndere acts foar elkenien fan 4 – 100! En fansels in útstalling fan alle kykdoazen dy’t ynlevere binne by alle biblioteken fan Mar en Fean!

Wat:
                     In famyljedei dat is de Berneboekedei Terherne
Wêr :
                     Yn it hiele doarp Terherne
Wannear:
            14 oktober 13-17 oere
Foar wa:
               fan 4 – 100 en foar elkenien dy’t nocht hat oan taal en bern
Wat kostet it:
    Gratis en fergees! Kinst dyn entreekaart dellade op www.berneboekedei.frl