Freonskip "kom derby"
Berneboekedei Terherne
Snein 14 Oktober 2018

Programma 2018

It programma fan de 18 edysje fan Berneboekedei Terherne stiet yn it teken fan it tema Freonskip"kom derby"! It slút oan by it lannelike tema fan de Kinderboekenweek.

Op 14 oktober fan 13-17.00 oere stiet Terherne op ‘e kop. Op ferskate lokaasjes yn it doarp binne aktiviteiten te finen rûnom dit spannende tema.

Der komt in hiel spannende foarstelling, der is muzyk, kinst boeken keapje en der binne lytse en grutte (foarlês / teater) foarstellingen. En wolsto noch mear? Do kinst werom yn de tiid en omstrune yn it libben fan de famylje Klinkhamer yn de Kameleonbuorkerij yn Terherne.

 

Wat, Wannear, Wêr is de Berneboekedei?
14 oktober is in famyljedei yn it teken fan berneboeken en taal, Nederlânsk én Frysk! 
Der binne dûns-, strjitte- en teateracts, der binne skriuwers, muzyk- en sjongacts, der binne ferwûnderje-dy- en bysûndere acts foar elkenien fan 4 – 100! En fansels in útstalling fan alle kykdoazen dy’t ynlevere binne by alle biblioteken fan Mar en Fean!

Wat:
                     In famyljedei dat is de Berneboekedei Terherne
Wêr :
                     Yn it hiele doarp Terherne
Wannear:
            14 oktober 13-17 oere
Foar wa:
               fan 4 – 100 en foar elkenien dy’t nocht hat oan taal en bern
Wat kostet it:
    Gratis en fergees! Kinst dyn entreekaart dellade op www.berneboekedei.frl



Folgje ús website en Facebookside!

lês mear op facebook